Brânwacht net drokker as oars

01 jan 2008 - 10:05

De brânwacht is mei de jierwiksel 65 kear yn aksje kommen foar bûtenbrannen en kontenerbrannen. It gie dan benammen om krystbeammen, tûken en autobannen dy't yn 'e brân stutsen wiene. De brânwacht moast it fjoer ûnder kontrôle hâlde of útmeitsje, om't der oerlêst wie of de ferkearsfeiligens yn gefaar wie.

Mei âld en nij 2006/2007 moast de brânwacht sa'n 80 kear útrukke. De jierwiksel dêrfoar wie dat 50 kear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)