Húske foar hûnen yn Ferwert

it hûnetoilet op it Ferwerter Vrijhof (foto: Ytske Nicolai)
De Geitefokferiening út Ferwert hat as nijjiersstunt in saneamd geitefokhúske delsetten yn it sintrum fan it doarp. De âldjiersferiening spilet dermei yn op it foarnimmen fan de gemeente Ferwerderadiel om de oerlêst fan hûnestront dit jier werom te bringen.
Eigners fan hûnen wurde op de bon slingere as de bisten harren behoeftes yn it iepenbier dogge. No is der dus in spesjaal hûnetoilet pleatst op it Vrijhof.