Benaudens oer âldjiersfjoer

31 des 2007 - 17:08

In brân yn in bulte autobannen hat moandeitemiddei tusken Hilaard en Jellum foar in protte oerlêst soarge. In tal jongeren hie de bulte yn de brân stutsen wêrtroch hege, swarte reekwolken ûntstiene. By de meldkeamer fan de plysje kaam in stikmannich ferûntrêste tillefoantsjes binnen.

De reekwolken wiene yn de fiere omjouwing te sjen. De brânwacht lit it fjoer kontroleard útbaarne. It binne âlde trekkerbannen dy't baarne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)