Haven Skylge brekt rekord

© Omrop Fryslân
De passantehaven fan Skylge hat dit jier in nij rekord mei it tal skipsoernachtingen. Dit jier komt it totaal út op 30.885 en dat binne der goed hûndert mear as ferline jier.
It like der yn earste ynstânsje net op dat it rekord fan 2006 ferbrutsen wurde soe, mar de lêste jierren komme der hieltyd mear boatsjeminsken oan de ein fan it jier nei Skylge. Foaral yn de krystfakansje en by de jierwikseling is de besetting goed.