Grut gaslek yn Wytmarsum

31 des 2007 - 12:18

In tal hûzen oan de Ulbe Hiemstrastrjitte yn Wytmarsum binne moandei ûntromme yn ferbân mei in grut gaslek. De omjouwing waard rom ôfset yn ferbân mei it gefaar fan fjoerwurk.

It lek siet yn de haadlieding tsjinoer de brânwachtkazerne. De bewenners fan de ûntromme hûzen binne opfongen yn Aylvastate. Meiwurkers fan Essent hawwe it lek tichtmakke. It lek is mooglik ûntstien doe't der swier fjoerwurk yn it rioel smiten waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)