Te faak waaralarm

faak foel it wol ta mei it waaralarm
It tal waaralarmen moat omleech. CDA-keamerlid Joop Atsma hat der skjin syn nocht fan dat der no te gau grut alarm slein wurdt, wylst dat net nedich blykt te wêzen. Yn 2007 wiene trije fan de fiif waaralarmen falsk.
Neffens Atsma hawwe de falske alarmen in hege ekonomyske skea. Boppedat nimme minsken in alarm net mear sa serieus. It KNMI moat dêrom mei meardere waarburo's oerlizze oft it nedich is in alarm ôf te jaan.