2 bedriuweterreinen op 'e skep

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen hat plannen foar it opknappen fan twa bedriuweterreinen yn de gemeente. It giet om it terrein Blauforlaet yn Stynsgea en Oastkern yn Koatstertille.
Der wurdt ûndersocht hoe't Blauforlaet it bêste oanpakt wurde kin. De útfiering moat tagelyk dien wurde mei it ferbetterjen fan de provinsjale dyk by Stynsgea. Dat ferbetterjen stiet foar 2009 yn de planning.