Mei ljedder hûs yn klommen

27 mrt 2012 - 10:29

In 22-jierrige Boalserter is moandei oanhâlden. Hy wie mei in ljedder it hûs fan in 23-jierrige bekende fan him yn klommen. De frou hie dêr gjin tastimming foar jûn. Se koe de man mei gjin mooglikheid de doar út krije en belle doe de plysje.

De man is oppakt foar hûsfredebrek en foar ûndersyk meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
ljedder húsfredebrek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)