Iensidich ûngelok Winsum

De brânwacht moast der oant pas komme by it ûngelok by Winsum. (foto: Jaring Rispens)
Op de Kleasterwei tusken Winsum en Baijum hat sneintejûn in iensidich ûngelok plakfûn.
Troch noch ûnbekende oarsaak rekke in automobilist de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin in beam. De brânwacht fan Mantgum moast der oan te pas komme om de bestjoerder út de auto te heljen. De dyk is derby ôfsetten en it ferkear waard omlaad. It slachtoffer is mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs.