Bretale dieverij yn winkel

30 des 2007 - 14:13

De plysje op It Hearrenfean is op syk nei de dieders fan in bretale dieverij yn in winkel oan it Buertskip yn it doarp. Sneontemiddei om in oere as trije draafden in man en in frou de winkel yn en pakten se twa leren keukenstuollen.

Se smieten de stuollen yn de kofferbak fan har auto en naaiden doe hurd út, mei de kofferbak noch iepen. Ferline wike moandei waarden ek seis stuollen stellen. Doe wiene der gjin tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)