Marrit Leenstra wint 1500 m.

Marrit Leenstra yn aksje (foto: Martin de Jong)
Marrit Leenstra fan Wikel hat snein op it NK yn Grins op formidabele wize de 1500 meter wûn. Leenstra wie de rapste yn in tiid fan 2.00,97. Paulien van Deutekom waard twadde yn 2.01,29.
Marrit Leenstra stiet no yn it algemien klassemint op in fjirde plak. De bêste fjouwer fan it klassemint gean oer twa wike nei it Europeesk kampioenskip yn Ruslân.