Manlju ferwûne by ûngemak

© Omrop Fryslân
By in ûngemak op de Wommelserwei by Tsjom binne sneontenacht trije manlju ferwûne rekke. In ynwenner (20) fan Lytsewierrum ried mei in man (29) út Rien op in scooter yn de rjochting fan Wommels, doe't er oan de ferkearde kant fan de dyk telâne kaam.
Hy kaam doe frontaal yn botsing mei in fytser (18) út Tsjom. De scooterrider en syn passazjier binne oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert mei ferwûnings oan de skonken en de holle.