Feanster bekent ynbraken

27 mrt 2012 - 10:25

Mei de oanhâlding fan in 28-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean hat de plysje meardere ynbraken oplost. De man waard op 10 maart oer it mad kaam by in ynbraak yn in bedriuw oan de Swettestrjitte yn Ljouwert. Hy hie in navigaasjesysteem by him dy't er in dei earder út in auto stellen hie. Dêrby hie er ek in laptop, in jildklúske en in radio meinaam.

De fertochte bekende fierder dat er ynbrutsen hie yn in bedriuw oan de Wetterwille op It Hearrenfean en yn in wenning oan de Stasjonsstritte yn dat plak.

Dêr naam er ûnder oare in fyts, jild en in navigaasjesysteem mei.

Trefwurden: 
ynbraak It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)