Elma de Vries wint 8e maraton
Elma de Vries fan De Haule hat snein yn Eindhoven de achtste maraton foar de Essent Cup wûn. Sy wie fierwei de rapste yn de massasprint. De 24-jierrige Elma de Vries stiet no noch stevich op kop yn it algemien klassemint.
Maria Sterk fan Hallum waard fjirde en sy stiet yn it algemien klassemint op in tredde plak. Op âldjiersdei is de finale yn Amsterdam.