'Stek minder fjoerwurk ôf'

29 des 2007 - 16:09

De ynwenners fan Menameradiel lûke har it measte net oan fan de oprop fan de gemeente om dit jier minder fjoerwurk ôf te stekken. In folder mei dy fraach is ferspraat. De gemeente besiket sa rommel foar te kommen en it is ek better foar it miljeu.

De fjoerwurkferkeapers binne net sa benaud dat se minder ferkeapje troch de oprop fan de gemeente. De gemeente is fan plan faker minsken mei flyers te ynformearjen oer miljeusaken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)