Kapster hâldt nei 45 jier op

Yn de kapsalon
Kapster Geertje Vergonet-Boshuijer hâldt der nei 45 jier mei op. Se hat de saak yn Drachten ferkocht.
Noch ien kear koene de klanten sneon terjochte yn de kapsalon. Geertje is 63 jier en fyn it tiid om op te hâlden. Se begûn mei knippen yn 1965 yn de saak fan har heit. Yn 1981 naam se dy fan him oer. Frou Vergonet sil foaral de bân dy't se opboude mei har klanten misse, tinkt se.