Huizenga wint yn Alkmaar

29 des 2007 - 14:51

Jenning Huizenga út Frjentsjer is sneon yn Alkmaar Nederlânsk kampioen wurden op it ûnderdiel yndividuele achterfolging.

De baanfytser Huizenga klokte in tiid op de fjouwer kilometer fan 4.29,383 en wie rom trije sekonden rapper as Jens Mouris dy't mei 4.32,547 it sulver pakte. It brûns wie foar Wim Stroetinga fan Aldeberkeap yn 4.34,621.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)