Proef tsjin oerlêst hûnestront

Plan om oerlêst fan hûnestront yn Easterwâlde-Súd oan te pakken
Der komt in proef yn Easterwâlde tsjin de oerlêst fan hûnestront. Yn it doarp komme 20 ôffalbakken te stean, dêr't hûnebesitters de stront yn smite kinne. Ek kinne se der in pûdsje úthelje. Fierder krije hûnebesitters ark om de poep op te pakken. Sa moat de oerlêst ôfnimme. Ek sil de gemeente stranger optrede tsjin minsken dy't har net oan 'e regels hâlde.
De gemeenteried fan Eaststellingwerf moat noch oer dit foarstel prate.