Leenstra twad op 500 meter

29 des 2007 - 13:17

Op it Nederlânsk Kampioenskip allround yn Grins is Marrit Leenstra fan Wikel sneon twadde wurden op de 500 meter. De reedrydster kaam oer de streek yn in tiid fan 40,32. Ingeborg Kroon fan Snits waard fjirde. Ireen Wust wûn de 500 meter yn 40,09.

De bêste fjouwer fan it algemien klassemint gean nei it Europeesk Kampioenskip. Dat wurdt ferriden yn Kolomna yn Ruslân op 12 en 13 jannewaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)