Gruttere skippen op kanalen

29 des 2007 - 10:28

De provinsje docht takom jier in proef mei gruttere skippen op seker trije kanalen. De beropsfeart moat maksimaal gebrûk meitsje fan de kanalen, fynt de provinsje. It giet om lytsere farwegen en grutte kanalen. Op it Prinses Margrietkanaal fart takom maaitiid op proef in 135 meter lang skip, op 'e farwei nei Drachten ien fan 110 meter. By it Hearrenfeanster Kanaal wurdt besjoen oft der ek bredere skippen komme kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)