Brân yn loads yn Stiens

29 des 2007 - 10:14

Yn in loads oan de Uniawei yn Stiens hat freed brân west. De brân is nei alle gedachten ûntstien trochdat in ferwaarmingstsjettel te hyt waard.

De 76-jierrige bewenner fan it hûs hat earst sels besocht it fjoer út te meitsjen. Dat slagge net en de brânwacht hat it letter oernaam. Oer de hichte fan de skea is neat bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)