Unienichheid oer brêgen

provinsje wol mear brêgen op ôfstân betsjinje litte
Skippersferiening Schuttevaer is tsjin it foarnimmen fan 'e provinsje om mear brêgen op ôfstân te betsjinjen. De provinsje wol dat nochris sân brêgen yn it midden en súdwesten fan Fryslân op ôfstân bestjinne wurde. Schuttevaer fynt dat dat net feilich is. Boppedat wurdt de wachttiid langer. As it plan wol trochgiet, wol Schuttevaer dat der goed kwalifisearre brêgewachters ynset wurde.