Krystbeamsmiten op It Amelân

© Omrop Fryslân
Op it Amelân wurdt moandei foar de tredde kear it Amelanner Kampioenskip Krystbeamsmiten hâlden. By dy wedstryd moat in krystbeam ûnderhâns safier mooglik fuortgoaid wurde. De earste edysje waard yn 2005 hâlden. Doe waarden ek de bêste ôfstannen helle.
By de manlju stiet it rekord op 7 meter 80, by de froulju op 5 meter. Ek bern kinne moandei meidwaan oan it kampioenskip.