Boekje oer pryster Dijkstra

© Omrop Fryslân
Yn de Roomske tsjerke fan Frjenstjer is freed in boekje presintearre oer pater Oswald Dijkstra. Hy waard yn 1920 yn Frjenstjer berne en gie op syn trettjinde it kleaster yn. Yn 1947 gie er as ien fan 'e earste Nederlânske prysters nei Bangalore yn Súd-Yndia, dêr't er in grut part fan syn libben wenne. Dijkstra ferstoar ferline jier, 75 jier âld. De Boalserter antropolooch Bauke van der Pol skreau it boek.