Botsing mei plysjeauto

29 des 2007 - 08:24

Fiif ynsittenden fan in auto út Gouda binne freedtemiddei lichtferwûne rekke by in oanriding by Ljouwert. De auto botste op in plysjeauto, dy't mei swaailjochten en sirene oan in krusing oerstuts. De bestjoerder hie dat te let yn 'e gaten.

Alle fiif ynsittenden binne foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. It giet om in man fan 59 út Gouda, syn frou en trije bern fan 13, 10 en 7.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)