AZC Appelskea oer 3 jier ticht

It azc fan Appelskea krijt no in rekreative bestemming
It AZC yn Appelskea moat oer trije jier definityf ticht. Dat wol de gemeente Eaststellingwerf. Yn 2010 hat it AZC 10 jier iepen west. Der wie noch opsje yn it kontrakt foar nochris 5 jier, mar boargemaster en wethâlders wolle dêr gjin gebrûk fan meitsje.
It AZC stiet yn in wenomjouwing en neffens B & W hawwe de omwenjenden der út en troch wol wat lêst fan hân. It terrein fan it AZC krijt nei de sluting in rekreative bestemming.