FNP-jongerein oprjochte

28 des 2007 - 12:31

De FNP hat in jongerein-ôfdieling. De partij hie alris earder in jongerein-ôfdieling, mar dy waard opdoekt. No hat in ploech fan fiif jongerein de skouders derûnder set. Op 23 desimber is in bestjoer oprjochte.

De jongeren-FNP rjochtet him foarearst op kontakten mei oare Europeeske minderheden. De klub is oansluten by de European Free Alliance. Doelstellings binne ûnder oare ek mear opliedingsmooglikheden yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)