Auto baarnt út by reparaasje

28 des 2007 - 10:09

By it besykjen om in auto te reparearjen binne tongersdei yn Blije in hok en de auto sels ôfbaarnd. In Blijster fan 29 jier wie oan it wurk oan 'e auto. Op in stuit moast er de tafier fan it gas fan 'e tank nei de auto ôfslute. De man hearde wat sissen en gie doe mar gau út it hok wei.

Flak dêrnei ûntplofte der in gasflesse. De auto en it hok binne alhiel útbaarnd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)