Oer auto's rinne op it Fean

28 des 2007 - 10:05

Seis jonges út Gau, Offenwier, Tersoal, Goaiïngea en Loaiingea binne oanhâlden. Se wurde derfan fertocht op It Hearrenfean oer auto's rûn te hawwen. Op it Boargemaster Kuperusplein fûn de plysje twa auto's mei fuotstappen derop. Ien fan 'e beide auto's hie skea.

De seis waarden op it Gemeenteplein op It Hearrenfean oppakt. Se binne allegearre foar neier ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)