Untwerpwedstriid Princessehof

28 des 2007 - 07:12

Museum Princessehof yn Ljouwert hat mear as 2000 ûntwerpen krige foar nij Nederlânsk porslein. It museum hie yn it ramt fan de útstalling Pretty Dutch in wedstriid útskrean. De fyftich bêste ynstjoerings binne útstald. Begjin jannewaris wurdt it winnende ûntwerp bekendmakke.

Learlingen fan skoallemienskip de Friese Poort hawwe ek ûntwerpen makke. Sy krigen de opdracht dekoraasjes te meitsjen ynspirearre op âld porslein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)