Porslein ûntwerpe populêr

© Omrop Fryslân
Museum Princessehof yn Ljouwert hat mear as twatúzen ûntwerpen ynstjoerd krigen foar nij Hollansk porslein. It museum hie yn it ramt fan de útstalling 'Pretty Dutch' in ûntwerpwedstryd útskrean.
De beste fyftich ynstjoerings binne útstald yn it Princessehof. Begjin jannewaris wurdt it winnende ûntwerp bekend makke. Yn it museum binne ek ûntwerpen te sjen fan learlingen fan skoallemienskip de Friese Poort.