Gjin drabbelkoeken mear

De drabbelkoeken wurde al sûnt it begjin ferkocht yn de ferneamde koekblikken.
As it drabbelkoekefabryk yn Snits net gau oernommen wurdt dan komt der in ein oan in 150 jier âlde tradysje. In drabbelkoek wurdt makke neffens geheim resept. Al sûnt 1850 makket de famylje Haga de koeken. Se hâlde der mei op omdat der gjin opfolger is.
De Haga's hoopje dat ien de saak oernimme wol. Oars komt in ein oan in bysûndere tradysje. Drabbelkoeken wurde allinnich yn Snits makke en allinnich yn Fryslân ferkocht.