Ein foar needopfang tichtbij

27 des 2007 - 12:55

Der is noch gjin oplossing yn sicht foar de bewenners fan de needopfang foar asylsikers yn Wytmarsum. Yn dy opfang wenje noch fjouwer húshâldings mei bern en ien ienling. Der sitte ek minsken by mei ferbliuwsfergunning dy't noch om wenromte sykje.

De stifting dy't de opfang beheart hat in skuld fan twa euroton útstean en hâldt der ek mei op. Boppedat rint it hierkontrakt ôf. De bewenners bedarje hjirtroch mooglik op strjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)