Nijpels boargerheit Amsterdam?

27 des 2007 - 11:56

Kommissaris Nijpels wol yn de takomst graach de earste keazen boargemaster fan Amsterdam wurde. Dat sei hy earder dizze wike yn it NOS-radio-programma Met Het Oog op Morgen. Yn it programma waard in wiidweidich petear holden mei de kommissaris en syn frou Elsbet Janmaat.

Yn it ferhaal jout Nijpels oan dat hy eins gjin politieke funksjes mear ambieart, mar der is ien útsûndering: it boargemasterskip fan Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)