'Aksje tsjin losse konteners'

27 des 2007 - 10:56

Boargemaster Albert de Hoop fan Amelân wol dat minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat optreedt tsjin skippen dy't har lading net goed fêstsette. De Hoop skriuwt dat yn in brief oan de minister út namme fan alle Waadeilannen.

Neffens De Hoop komt it te faak foar dat skippen by in stoarm har lading ferlieze. Koartlyn noch sloegen der in tal konteners mei bananen fan in skip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)