Dronken autorider oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat op Twadde Krystdei oan it begjin fan de middei in 45-jierrige Ljouwerter oppakt, omdat er noch in boete fan rom 700 euro útstean hie. De man koe dat bedrach net betelje en moat dêrom in tal dagen fêstsitte.
De man wie yn syn wenplak oppakt omdat er dronken achter it stjoer siet. Fierder mocht er ek net ride omdat syn rydbewiis earder ynnaam wie. Foar dizze saken hat de man in prosesferbaal krigen.