Wielenpôlle no krystdoarp

26 des 2007 - 17:32

Alle jûnen wurdt der fileriden yn it krystdoarp Wielenpôlle yn Ljouwert. De lytste wyk fan Ljouwert mei 450 ynwenners is sûnt 6 desimber folslein omtsjoend. Oeral binne ljochtsjes yn de foarm fan krystbeammen, -mannen, -bellen, -ingels en sliden mei herten.

De Ljouwerter efterstânswyk wie it hiele jier drok mei it opwurdearjen fan de wyk. Der binne ferskillende plannen betocht om meimekoar de leafberheid te fergrutsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)