Museum slút jubileumjier ôf

© Omrop Fryslân
Museum Willem van Haren op It Hearrenfean sleat twadde krystdei it jubileumjier ôf mei in iepen hûs. It musuem bestiet dit jier 65 jier. Gewoanwei wie der ek altyd in iepen hûs op twadde krystdei, spesjaal foar de stipers fan it museum. It museum is dizze dei fergees tagonklik.
Besikers koene in útstalling sjen oer hûndert jier sikesoarch op It Fean. Fierder waard der krystmuzyk spile en wiene der aktiviteiten foar bern.