Eigen ynrinhûs kankerpasjinten

De pleats dêr't kankerpasjinten teplak kinne
It Toon Hermanshûs yn Fryslân lit te lang op him wachtsje, fynt inisjatyf- nimster Wilma Kamphorst. Dêrom begjint se no sels in ynrinhûs foar kankerpasjinten dy't mei lotgenoaten prate wolle, yn har eigen keuken.
Ein ferline jier is begûn mei de tariedings foar it Toon Hermanshûs. It hie der no sawat wêze moatten. Op 9 jannewaris is de earste moeting yn de pleats fan de famylje Kamphorst yn Raerd.