Schaaf set 70 man mei âldjier

© Omrop Fryslân
Befeiligingsbedriuw Schaaf fan Twellingea set âldjiersnacht 70 man yn foar de feilichheid fan alle feestgongers. De manlju en froulju wurde ynset by de befeiliging fan ferskillende feesten en leechsteande gebouwen.
Fierder bliuwt in groep minsken efter de hân om ynset te wurden by kalamiteiten, lykas ferline jier by de grutte brân by Sineesk restaurant Kota Radja yn Ljouwert.