Brievebus opblaasd, post fuort

26 des 2007 - 13:13

In brievebus op de Oosterstrjitte yn Wytmarsum is tiisdeitenacht opblaasd. Alle post is ferlern gien. De bus is mei in swier stik fjoerwurk ta ûntploffing brocht.

Troch de kracht fan de eksploazje hat in fuortfleanend stik fan de brievebus in bestelbuske skansearre dat fierderop parkeard stie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)