Drank stellen op 'e Gordyk
By in ynbraak op De Gordyk is tiisdeitenacht in protte drank stellen. It rút fan de winkel op it Hôflân waard fernield, wêrnei tsientallen flessen drank meinommen binne.
De 56-jierrige eigner fan de winkel hat oanjefte by de plysje dien.