Brânstichting yn Appelskea

26 des 2007 - 12:36

Op in pleats yn Appelskea is earste krystdei in heabaal yn 'e brân stutsen. De brânwacht hat it brantsje yn it hea útmakke.

Op de pleats oan de Drintsewei fan in 48-jierrige man wurde de lêste moannen faker fernielings pleegd. Sa waarden balen kuil iepen snijd, wêrtroch it feefoer net mear te brûken is. De plysje ûndersiket de brânstichting en de fernielerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)