Wente yn Berltsum baarnt ôf

De brânwacht dwaande mei it bestriden fan 'e brân yn Berltsum (foto A. Zwart)
Yn Berltsum hat yn 'e krystnacht brân west yn in wenning en in skuorre oan de Wiersterdyk. In omwenjende seach om in oer as trije dat de skuorre fan de wenning yn 'e brân stie.
De bewenner(62) koe der op 'e tiid út komme. Omdat der gefaar wie dat it fjoer oersloech nei oare huzen binne de bewenners evakueard en tydlik ûnderbrocht yn in diskoteek. De brânwacht hat de hiele nacht noch dwaande west om it fjoer te bestriden.