Flylân krijt brede skoalle

Skoalboerd © Omrop Fryslân
In nije brede skoalle op Flylân komt yn in folslein nij gebou. De gemeenteried hat moandeitejûn ynstimd mei it plan. De brede skoalle komt oan de Lutinelaan, op it plak dêr't no noch it VMBO sit. Yn it gebou wurde de basisskoalle en it VMBO ûnderbrocht.
De bou kostet 4,5 miljoen euro en moat yn 2014 klear wêze. It is de bedoeling om ek in HAVO en VWO-oplieding yn de brede skoalle te realisearjen. Dêrby wurdt gearwurke mei skoallen oan de fêste wâl. Der wurdt no earst ûndersocht as Flylân de nedige lisinsjes krijt foar de opliedingen.