Aai-kolleksje nei natoermuseum

24 des 2007 - 20:45

Natuurmuseum Fryslân krijt nei alle gedachten in kolleksje aaien út de eigendommen fan it Grinzer natoermuseum dat dit wykein ticht gie.

Direkteur Gerk Koopmans ferwachtet net dat syn museum oerspield wurdt mei nije stikken, omdat it Grinzer museum net in soad bysûnderheden út de regio hat. In soad stikken binne eigendom fan de Ryksuniversiteit Grins en geane werom nei de eigner. De rest wurdt ferparte oer de noardelike natoermusea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)