Boerum bromt yn Krystnacht

24 des 2007 - 18:36

Troch in needreparaasje oan de gaslieding bliuwt der net folle oer fan de stille Krystnacht foar ynwenners fan Boerum en omjouwing. Omdat de gaslieding ûntluchte wurdt, klinkt der in bromtoan.

It wurk wurdt dien op it regelstasjon by Visvliet. Sneon waard der ek al wurke. Fan it leven dat dat doe joech, binne in soad omwenjenden skrokken. Der wurdt de hiele nacht noch wurke. Earste Krystdei moat it dien wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)