Poelier ferkeapet soad fleis

24 des 2007 - 17:11

De fraach nei eksklusive fleisprodukten, lykas hazze en hert, nimt noch altyd ta. Dat is de yndruk fan poelier Van der Bij út Kollumersweach.

It poeliersbedriuw hat moandei in drokke krystperioade ôfsletten. Derby waard in protte fleis oan restaurants ferkocht. Van der Bij skat yn dat der dit jier wer wat mear wyld en plomfee is ferkocht as ferline jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)