Húsdokter makket röntgenfoto

Radiologen fan De Sionsberg yn Dokkum beoardielje de röntgenfoto's
Op It Amelân kinne pasjinten röntgenfoto's meitsje litte by de húsdokter. De proef is no al suksesfol te neamen. Ofrûne simmer is de húsdokter yn Ballum dermei begûn en sûnt dy tiid binne al sa'n 140 röntgenfoto's makke.
Radiologen fan sikehûs De Sionsbberg yn Dokkum beoardielje de foto's. Pasjinten hoege sa net mear nei de wâl. Soms kin de húsdokter ek de eventuele behanneling sels dwaan.