Digitale kalinder op Skylge

24 des 2007 - 11:51

Organisaasjes op Skylge kinne har aktiviteiten tenei kwyt op in sintrale aginda op ynternet. Dat om foar te kommen dat der twa optredens op deselde dei binne en dêrnei wer neat. De webside www.terschellinggids.nl bestiet al langer, mar is koartlyn fernijd. Neist optredens steane ek riedsfergaderingen op de kalinder.

De webside is benammen bedoeld foar de eilanners, mar toeristen kinne der letter ek gebrûk fan meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)